[Flaptekst]: Dit is in boek foar wurdkeunstners of foar wat dat wurde wol! Wurdkeunst is de superkracht dytst hast om yn moaie wurden te sizzen watst tinkst en watst fielst. Yn dit boek lêst en learst hoetst dat dochst. Yn elk ferhaal sit wurdkeunst weistoppe, lykas rym, klam of metafoaren. In mei lym griemende keunstner, in loaie linkerskoech en in goede mop komme der trouwens ek yn foar en dat soarget foar in soad (foar)lêswille! Dit boek lêst net allinnich. It is in tëaterlêsboek dêrtst mei-inoar út foarlêst. Sykje dyn eigen poadium en publyk en fiel dy in echte wurdkeunstner!